Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Spoekhûs? 

Wy ha in protte elektryske apparaten. 
Sa giet dat hjoed oan de dei. 
En ferskate, krigen wy yn'e gaten, 
begûnen in eigen libben sa geandewei. 

Ja minsken it wie krekt in spoekhûs. 
Wy fielden ús der net mear thús. 
Neat wie feilich, ja sels gjin mûs. 
Frjemde dingen barre dêr by ús. 

De televyzje die nuver, ja healwiis. 
De lampen giene út en oan, 
De radio gie oan doe ik in boek lies. 
No doe hiene wy it wol besjoen. 

It kattelûk gie iepen sûnder kat.
Dat bist fansels alhiel fan'e mik. 
Doe wie it kofjeesetapparaat oan bod. 
Hy gie samar oan, myn frou ferbjustere, stik! 

Doe tocht ik ynienen, wêr is ús Henk. 
Ik nei boppen nei syn keamer en ja hear. 
Ik, boartsje mei dyn kompjûter tink? 
Henk wat fretst út, wat dochst no wer! 

No sjuch heit, ik bestjoer it hiele hûs sa. 
Mei myn kompjûter, is't net in wûnder? 
Ik sis dy Henk, sa wolle heit en mem it net ha. 
Wy regelje it sels wol, wy kinne der wol sûnder.

Powered By Website Baker