Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

De sjongende cowboy 

In âlde cowboy by it kampfjoer, 
helle syn gitaar te foarskien. 
Ek al lei it gefaar op'e loer, 
wie it kâld en stie der in stive wyn. 

Sa song er oer it libben fan in cowboy, 
de froulju en oer sterke drank. 
Oer syn kammeraat, sterke Roy, 
del sketten en no foar it libben mank. 

Syn teksten kamen fanút syn hert. 
Guon fleurich, guon om te janken. 
Doe in gewear tsjin syn holle fan cowboy Bert. 
No ophâlde of ik sjit dy tusken de planken.

De âlde cowboy mei in strop om'e nekke, 
op syn hynder, tocht no is't net bêst. 
Wa ha ik wat misdien, wat hat him rekke, 
ha ik songen op dizze wrâld foar 't lêst? 

Nei trije oeren riden mei in blyndoek foar. 
Waard er fan syn hynder helle. 
Meikomme âlde en gjin gemar. 
Yn de saloon, sil ik it dy wol fertelle. 

De âlde cowboy wie der no mei oan, 
mar hy libbe noch dat wie wis. 
Troch ferskate rûge cowboys besjoen,
krige er dan no fan dy cowboy de útlis. 

Spylje âlde krekt sa as by it kampfjoer. 
Mar net sjonge, want dat kinsto net. 
De âlde waard no lilk, ja poer, 
mar hy woe net dea, wat in ferlet. 

Hy begûn te spyljen mei hiel syn hert. 
En dy rûge cowboys stiene fersteld. 
Doe't ek noch songen waard troch cowboy Bert, 
waard de âlde cowboy harren gitaarheld.

Powered By Website Baker