Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Oer in Baarch 

Yn Holwert libbe in skjinne baarch.
Dy wie sa skjin as de brân. 
Hy hie it grau oan smoarch. 
Oant no ta neat oan'e hân. 

No kinne se dêre feestfiere. 
It hiele doarp docht mei. 
Boppedat binne der strjitten dy hiere, 
de fersiering foar san dei. 

Der wurde spultsjes betocht, 
dâr't eltsenien oan meidwaan kin. 
Sa ek de baarch, kaam oan it ljocht,
en dat wie him tige min nei't sin.

De baarch; sy moatte my ek altyd ha, 
en reine ja dat docht it no ek.
Baarchetyskjen dat diene se ja, 
dâr stie er mei syn poaten yn`e drek.

De minsken rôpen; pak dy baarch,
dat hy moast rinne foar syn libben. 
Hy waard nei in setsje tige warch, 
hy krige pine tusken syn bargeribben. 

Us skjinne baarch krige syn nocht. 
Hy rûn dwers troch de striepakken hinne. 
De minsken laken, dat hiene se net tocht. 
En ús baarch koe sa mar fuortrinne. 

It slimste wie, no wy er smoarch. 
Ek al fermakke er de minsken tige. 
Hy koe wol janke ús skjinne baarch
mar dat die er net, oars moat ik lige.

Powered By Website Baker