Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Pankoekbakke 

Elk hat it yn syn libben wolris hân.
Pankoeken, sels ik ja ferskate. 
As âldere brûke jo je ferstân. 
Mar bern moatte jo wolris beprate. 

Dy ite faak tefolle, en dat kin net. 
Spuie as in grutten, dat krije jo der fan. 
Dêrnei gûle, balte in hiel set. 
Ja, dat wie ien tefolle hin; lytse man? 

Guon mei appel, dêr binne se net wei fan. 
Mar mei sjerp en brune sûker, dat giet deryn. 
En mei rjemmepudding en sjem dan? 
Mei de mûle fol; hee mem is dat myn! 

Mem kin se krekt sa¹n bytsje foarbliuwe. 
Se hâlde in wedstriid as it kin.
Grutte stikken, hastich en mar triuwe. 
In skoftke letter ha se harren sin. 

Der wurdt al ien sa beroerd as in kat. 
En wurdt witer en witer om'e holle. 
Ek dizze kear kaam it mem oer it mad. 
Wer krige dat bern fierstente folle.

Powered By Website Baker