Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Waadrinne 

Piter hie it sa goed optocht. 
Hy woe rinne oer it waad. 
Noch nea hie er dat besocht, 
en sa hie er wer wat oar praat. 

In grut tal minsken hie him opjûn. 
Sa ek Piter en syn freondinne. 
Mei -inoar wiene se út Holwert wei rûn, 
nei It Amelân, dêr moasten se hinne. 

Mei in gids troch it slyk rinne. 
Minsken dat foel net ta. 
Guon moasten nei in kilometer al stinne, 
mar wy moasten nei It Amelân is 't net sa. 

It wie tsjokwaar en it storeinde wat. 
Se seagen neat, spitich sei Piter. 
Gjin seehûn, gjin freondinne, HEE SKAT! 
De gids skrok, dêr begûn it gesoademiter.

Piter syn freondinne lei dêr yn it slyk. 
Stroffele oer in stekpealtsje, ja dat kin. 
Under de blabze, hoe koe it ek sa bryk. 
In krab skrok en sloech fan skrik op'e rin.

Ferskate seefûgels laken harren út. 
Ja, wat dogge jimme hjirre ek, dit is fan ús. 
De freondinne gûlde, Piter joech har in tút, 
en sei noch efkes fanke en wy binne thús. 

In healoere letter wiene se op It Amelân. 
Deawurch, mar se hiene it helle. 
Efkes efteromsjin dêr op it strân, 
oer It Waad, dat kin hiel wat fertelle.

Powered By Website Baker