Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Tútsje 

Ik wol in tútsje fan dy ha. 
Net samar ien op it wang. 
Nee, dat tinksto miskien ja. 
Of meitsje ik dy no wat bang. 

San lekkere grouwe tút fan dy. 
Fanke dêr sjoch ik suver nei út. 
Ik sis dy, dit efkes tusken dy- en my, 
do joust fan allegearre de lekkerste tút. 

Dêr wie Klaske, dy koe der neat fan. 
Ja ek mei har ha ik in setsje hân. 
Sy giet no mei, dy Wylde Jan. 
Ja dy hat lang net syn ferstân. 

No en dan wie dêre bleue Sytske. 
Dy die alles wat har heit har sei. 
Foar har hie ik healwize Wytske. 
Dat wie me dochs in haaibaai. 

Nee fanke, ik ben mâl mei dy. 
Hjir, do krigest fan my in tút. 
Watte? Leave, hoe komst dêr no by? 
Do makkest it no fuortdaadlik út? 

Ja, ik wol gjin tútsje mear fan dy ha. 
Net op 'e mûle, net op it wang. 
Ik ha myn nocht fan dy, sjesa. 
Wat tinkst wol, 'k bin fan dy net bang!

Powered By Website Baker