Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

 

Myn freondinnen 

De minsken ha it der al wiken oer, 
en minsken se ha gelyk, it is wier. 
Myn hert stiet troch harren yn fjoer, 
bin wol trouwd, dat jout út en troch wat gemier. 

Moandeis nei in freondinne, op'e jûntiid. 
Minsken wat in frommes is my dat. 
Underweis nei har sjong ik dan altyd in liet. 
Oer de leafde, romantyk en sokssawat. 

Yn har earmen dream ik dan wei. 
Wy frije en, ferjitte dan de hiele wrâld. 
Ik flústerje, leave nim my mei. 
Leave rêstich, oars wurd ik net âld. 

Oant tongersdei bin ik myn frou trou. 
Bin'k by de bern en Flappie ús bûnte knyn. 
De freeds gean ik nei ja, in oare frou. 
By har drink ik dan in gleske wyn. 

Wy prate oant in oere as tsien. 
Dêrnei giet it der stevich oan ta. 
Yn linzjery fan lear, oant in oere as ien. 
Dan dogge wy alles wat ferbean is en sa.

De minsken ha it der al wiken oer. 
Dy man hat der ferskate froulju by. 
Dy man spilet sa al wiken mei fjoer. 
Net bêst, ha jimme it al heard fan dy? 

Minsken ik bin sljocht op froulju. 
Ja ik sykje der sels noch in pear by. 
Foar de sneontejûn, dat no kinne de lju, 
my skilje; ha jo noch in frommes foar my???

Powered By Website Baker