Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Aprilje 

Hy stie klear mei it fototastel yn'e hân 
Unsichtber, soe er efter in beam weikrûpe. 
Of moast er noch wat tichterby slûpe? 
In lyts eintsje, nee sei syn ferstân. 

Hjirwei koe er de foto ek wol meitsje. 
Sa'n kâns krige er nea wer tocht er. 
Ik meitsje der in spannend ferhaaltsje by. 
Ja it moat de minsken goed reitsje. 

Hy seach noch krekt de sturt, 
en in stikje rêch fan it bist. 
Hé, sjoch no myn kant út, asto kist.
No tocht hy, no moat it hurd. 

Ferrek wêr is er no, wêr wie er hinne? 
Hé Jan, rôp er, wêre gie it net goed! 
Hé Jan, wa hat dy der weistjoerd! 
Kom oerein! Ik kin net nei dy tarinne. 

In setsje letter seach er Jan syn holle. 
Blau fan de drek en einekroas yn it hier. 
Tsjin Folkert: dy twa stappen wiene te fier. 
En dit allegearre wurdt my no wol wat tefolle. 

Do wurdst betanke, dêr giet myn reportaazje. 
Ik hie it sa goed foarinoar, wa hie soks tocht. 
Wa hie hjir no om in losrinnende aap socht. 
Soks nijs wie goed foar in sensaasje.

Mar goed wy dogge it takom jier nochris oer. 
Mei ferhaal en foto sil ik it yn'e krante ha. 
Ja Jan do ek wer yn it apepak, tocht ik sa. 
As seldsume aap, Jan sjochsto wol wat soer.

Powered By Website Baker