Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Linzjery 

Yn oktober ha jo de linzjery-wike. 
No dêr snap ik neat fan. 
Sa gie it ek by muoike Rieke. 
Unbegryplik sei se tsjin har man. 

Yn'e kêldste moannen fan it jier, 
rinne froulju yn sok ûnderguod. 
Sa'n lyts lapke stof, wat in gemier, 
en djoer, soks moat yn'e winter fuort? 

Yn'e kâldste moanne, hearst my wol? 
Wa fynt soks út, in bytsje ferstân.
Rieke hâldt dêr oer op en alhielendal ... 
Rieke do doarst soks dochs net oan. 

Sjoch Rieke, froulju dy't soks keapje dy, 
lizze op in liuwetekken foar it iepen hurdfjoer. 
De man besjocht har goed, sit derby, 
en tinkt: dat lapke stof wie dochs noch net sa djoer. 

Rieke: Do draaist troch! Mei dy falt net te praten.
It is wol goed, wy hâlde der oer op. 
No ik keapje it net, dat hast dochs wol yn'e gaten? 
Yn'e winter, hoe helje se it harren yn'e kop! 

In setsje letter kaam der in pakje mei de post.
Foar Rieke, mei de groetnis fan har leave man.
Smyt dit no net daliks yn'e kast. 
Mar lûk it oan; wat fynst derfan?

Powered By Website Baker