Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Fedde de kalkoen 

Der kamen minne tiden oan foar him. 
Moast hy yn'e panne, moast er dea? 
Fedde de kalkoen hie suver in min sin. 
Ferdomme, einigje ik op in stikje brea? 

Ik wol noch safolle dwaan, safolle. 
Bin sa sûn as in fisk, wêrom ik. 
Hoe kriget dy man it yn de holle! 
Wêrom pakt er Kekke net by de sik. 

Wêrom net de baarch, of in ko. 
In hynder smakket ek ferrekte goed. 
Mar nee, Fedde, sei er tsjin in do. 
Deameitsje sit dy man yn it bloed. 

Wy moatte wat betinke, wie wat er sei. 
Fedde bespruts mei de do in plan. 
De do; ja dat sil ik dwaan, sûnder geklei. 
Sa fleach er hastich nei de krystman. 

De krystman soe sawat fuort. 
Us do kaam dêr deawurch oan. 
Syn belslide stie klear, stiiffol guod. 
Godskes safolle guod hie de do nea sjoen. 

Hy fertelle oer de kalkoen syn fertriet. 
Wêrom't er nei de krystman moast. 
Dat de kalkoen foar syn libben stried. 
De krystman; 't is oars wol lekker kalkoeneboarst. 

Fedde gie mei de krystman mei. 
Nea wer bang wêze, tanke krystman. 
Hy krige sêd fan iten, en Fedde bliid sei; 
wat kin der no mei my barre by dizze man. 

De krystman siet op'e earste krystdei, 
oan'e tafel en sei, dat rûkt mar goed. 
Dit is wat ik ferrekte graach mei. 
En dêr lei Fedde waarm mar sûnder bloed.

Powered By Website Baker