Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Klaske 

Klaske wie gek op prikkeltsjebier. 
Se koe der net mear sûnder. 
Fan dat guod seach se o sa blier. 
Dat prikkeltsjebier wie in wûnder. 

Klaske is noch net sa âld. 
Mar grut genôch foar wat oars. 
It oare drinken liet har kâld. 
Ik lit my neat oansmarre seit se boas. 

Sterke drank wie neat foar har. 
Dêr koe se absolút net oer. 
Molke of sûpe dat gie..... mar, 
fan sterke drank wie se as fjoer. 

Se hie it wolris preaun jawis. 
Mar nei trije gleskes fan dat guod. 
Sei se oansketten, der is wat mis. 
Mislik as in kat woe se doe fuort. 

Fan dy tiid ôf gjin drank mear, 
foar Klaske mar prikkeltsjebier. 
Se hie har part wol hân dy kear, 
want dat oare joech allinnich mar gemier.

Powered By Website Baker