Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

It ferstân fuort? 

Ha jo dat ek wolris hân? 
Jo beginne dingen te ferjitten. 
Jo twifelje oan jo ferstân. 
Wêr ha jo dit of dat no litten? 

Sa ha jo it noch by jo. 
Sa binne jo fan alles kwyt. 
Nee hin ... Begripe jo it no? 
Wurd ik te âld? Ja skyt! 

Myn bril, de kaaien. 
Myn ferstân op'e rin?
Komt soks jin oanwaaien? 
Of witte jo hoe't soks kin? 

Soe ik it te drok ha? 
Ha ik de holle der net by? 
De frou letter, dêr leit it, 
ja Dêr leit dy brol fan dy...

Gelokkich ha ik it net allinne.
En jo hoege der net âld foar te wêzen. 
Ferskate minsken dy't hjir omrinne, 
sykje harren ek gauris in ûngelok ha'k wolris lêzen.

Powered By Website Baker