Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Oer in fjildmûs 

In fjildmûs op fakânsje yn Afrika, 
song bliid troch it iepen fjild. 
Net bang foar al it wyld ofsa. 
Allinnich mei koffer, sûnder jild. 

Nei in setsje seach er in slang. 
De slang him,dat hy moast rinne. 
Foar it gefal no? Bang? 
Wol nee man, efkes rinne moat kinne. 

Doe kaam er in fier famyljelid foarby.
De kofje smakke dêr like bêst. 
Do meist hjir ek wol sliepe by my. 
Dat is goed sei er en kroep yn syn nêst. 

In fjildmûs op fakânsje yn it Afrika. 
Hoe krige sa'n mûske dat yn syn plasse. 
No it like him wol wat, sjesa. 
Wat sjen, drinke, lekker ite en wat hosse. 

It gie in dei of wat, yn it Afrika goed. 
Foar de wylde bisten seach er wol út, 
Us mûske hy it mier oan fjochtsjen en bloed.
Dochs op in dei stompte er him de snút. 

Hy botse tsjin wat gruts oan. 
Benaud seach er omheech, doe ...
Allemachtich, ha jo wolris sa'n reet sjoen? 
Rinne mûs, rinne no it noch kin, toe! 

De Afrikaanske oaljefant seach ús mûs. 
Syn eagen pûdeagen, wat skrok dat bist. 
Mei lûd trompetgesketter dy nei hûs. 
De mûs tsjin himsels, ha ik hjir wat mist? 

In fjildmûs op fakânsje yn it Afrika, 
song bliid sûnder fierder bang te wêzen. 
David die it dochs mar wer, no ja. 
Wêr ha ik dat dochs ek al wer lêzen?

Powered By Website Baker