Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Skoanâlden 

Skoanâlden dêr sitte in protte mei. 
De iene kin mei der omgean de oare net. 
Sa net dan bliuwe jo by harren wei. 
Want fan rúzje hat net ien ferlet. 

Jo kinne troch guon yn'e stres reitsje. 
Lit dy dan mar yn harren eigen sop gearsiede. 
Dêr kinne jo no dan wol om laitsje, 
mar guon kinne ferrekte goed kliere.

Nim no Jelle fan Syp en Tsjikke. 
Dy kin syn skoanâlden wol sjitte. 
No lit syn frou har âlders net stikke, 
mar goed, Jelle kinne se wol ferjitte. 

Hy komt nea wer by harren oer de flier. 
Al myn libbensdagen net, sei Jelle. 
Syn frou sit der wol mei, ja dat is wier. 
Se sil dan ek net in protte oan Jelle fertelle. 

Ja dat wie Jelle, mar nim no Geart. 
Syn skoanâlden binne poerbêst. 
Der is neat te rêden mei skoanheit Tjeard, 
en fan syn skoanmem hat er ek gjin lêst. 

It kin ek goed, dat sjogge jo. 
As jo oarren mar nimme sa't se binne. 
Kinne jo dat net ,no dan is it ho! 
As praten net helpt, dan der net wer hinne!!

Powered By Website Baker