Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Podden 

Slûge Tseard wie selskipswiet ja, 
fan bisten; net fan minsken. 
It wie ien fan syn grutste winsken, 
hy woe in pear podden yn hús 'e ha. 

Hy eamele syn maat oan'e kop krekt salang dat
dy sei: no fuort dan mar wer. 
Yn'e winkel mei de namme Rep Exotic der, 
stiene Tseard by de podden, syn maat by in slang. 

Dizze bisten, wat binne se moai. 
Dat trije podden giene mei. 
Tseard haerde net mear wat dy man doe sei, 
hy stie al wer by in oar bist syn koai. 

Thús fansels sa'n podde op'e skoat. 
En Slûge Tseard mar nei dat bist sjen. 
In setsje letter hâlde er him tsjin it kin. 
It bist sloech wat mei in foarpoat. 

Hy tute en slikke de pod hjir en dêr. 
It wie mar goed dat syn maat dat net seach.
Wat slimerich guod hie dat bist op'e rêch.
En twa eagen dy't seine, wat moat dit no wer? 

Dan wol tweintich minuten letter, 
Tseard begûn te praten as in gek. 
Minsken syn boarst, hy fielde in stek. 
Dêrnei waard it al wer in bytsje better.

Ferskate kleuren giene him op en del. 
Tseard wie net mear fan dizze wrâld. 
Sa'n fint fan noch mar achttsjin jier âld,
ferslave oan podden, dan wurde jo kjel. 

Hy hat wol sân oeren fan'e kaart west. 
Syn sliepkeamer wie folslein ferboud. 
Syn maat: dy podden derút se binne net fertroud. 
Hjirnei hie er oan podden, grouwélich de pest.

Powered By Website Baker