Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Karaoke 

Ik leau it wie op in freedtejûn, 
yn it doarpshûs om acht oere. 
Hy wie der alhiel allinnich hinne rûn, 
want mei in slokje op meie jo net stjoere. 

Dêr hiene se wat nijs op betocht. 
Meisjonge mei Agnes wa wol dat net. 
Krekt dat hie him dêr dy jûns brocht.
De jas oan'e kapstôk, hy hie gjin pet. 

By de bar helle er in gleske wyn. 
Sju jo moatte earst in pear op ha. 
De saak ferkenne, wat prate mei Tryn, 
in sigaarke en yn'e kunde komme mei Agnes ja. 

Se seach der kreas út ja dat wie wier 
Wat, se wie yn syn eagen bjusterbaarlik kreas. 
Seksy, moai dekolletee en wat glitters yn it hier, 
jou my gau noch in gleske, rôp er heas. 

Se pakte de mikrofoan en begûn te sjongen, 
en hy hie allinnich noch mar each foar har. 
Wat in lûd helle se út har longen, 
en al ferskate minsken stiene om'e bar. 

Nei dat ferske kaam se op him ta, 
soene jo ek mei my sjonge wolle? 
No... jaaa ... uuh... Agnes dat sit no sa, 
graach sei er mei in reade holle. 

Sa stie ik ( ja iksels) dêr mei Agnes Sambrink, 
dochter fan ús Anneke Douma. 
En as ik der no wer oan werom tink, 
dan tink ik, ik die út fuortendaliks wer ja!

Powered By Website Baker