Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Och Leave 

Ik tink alle dagen oan dy, 
oan dy myn skat, ja echt wier. 
Och leave, kom dochs by my, 
sûnder dy ha ik it sa swier. 

Ik tink alle dagen oan dy, 
do bliuwst troch myn holle gean. 
Och leave, kom dochs by my, 
kom dochs neist my stean. 

Ik tink alle dagen oan dy, 
ik hear dy laitsjen, dy praten. 

Och leave, kom dochs by my, 
hast dan noch neat yn'e gaten? 

Ik tink alle dagen oan dy, 
ik woe dy noch safolle sizze. 
Och leave, kom dochs by my, 
ik wol neist dy sitte neist dy lizze. 

Ik tink alle dagen oan dy, 
ik hoopje ... do ek oan my.

Powered By Website Baker