Henk Steegstra - Dichter uit Rinsumageest

Fereale 

Ik wit wol it is al tige let, 
mar dat kin my neat skille. 
Do fynst it miskien gjin goeie set, 
mar bedjer no net myn wille. 

Wol foar dy sjonge ûnder it rút, 
as in klyster mei in goed sin. 
Do joust my letter mar in tút, 
as ik by dy yn'e hûs bin. 

Sa song Pyt dêr jûns let, 
ûnder it rút fan syn faam. 
Soe se my hearre,ik wit it net. 
Gjin faam wat der ek kaam. 

Wol in âld wyfke mei in sliepmûtse op. 
Sûnder gebyt skelde se op him. 
Kweajonge hâld no dyn kop, 
Ik hâld net fan sjongen en fan dy likemin. 

Dûrnei har man mei in lilke holle. 
Troch de foardoar kaam er op him ta. 
Dat waard Pyt allegearre wat tefolle. 
Moast er dit wol foar syn faam oer ha?

As de wjerljocht gie er op nei hûs ta. 
Dit wie ien kear mar nea wer tocht Pyt. 
Soe ik my no sa fersind ha? 
Of hie se him foar it lapke, syn Gryt. 

In dei letter kaam er syn Grytsje tsjin. 
Laitsjend: no de groetnis fan ús omke. 
Omke hie sein, it sjongen wie striemin. 
De oare kear hat ús muoike leaver in blomke.

Powered By Website Baker